| 't Wie op in joun, doe kom der in soldaet by 't Barrahûs ûnder Ljouwert. Hy wie op 't hynder en frege om ûnderdak. Dat krige er.
't Hynder kaem yn 'e skuorre en hy kom by de minsken yn 'e hûs. Dêr wie nòch ien yn 'e hûs – in frommes – dy soe dêr ek oernachtsje.
Doe't se meielkoar iten en dronken hienen, sei de frou: „Nou krije wy elk in lekkere apel”. Hwant sy hienen dêr in great apelhôf.
Doe smiet de frou har elk in apel ta. It wie de soldaet opfallen dat it frommes de apel opheinde krekt as in keardel. Sy sloech de knibbels tsjin elkoar oan.
Doe't er even allinne wie mei de boer, warskôge er him.
„Dat is gjin goed spul”, sei er, sa en sa.
Doe sei de boer: „Dit is àl in minne goai. Hoe matte wy dit ha”.
Doe't se wer yn 'e hûs kommen sei de soldaet tsjin 't frommes: „Ik mat ûnder 't hynder sliepe, oars wol 't hynder net stil stean”.
Hy krige stikem in bosk strie, doe't er yn 'e skuorre kom en hy luts syn jas út dy't er om 't strie hinne die. Doe stelde er him fordekt op.
't Woarde stil. Sy slepten allegear op har menier, doe kom it 'frommes' fan boppe, yn 'e skuorre en doe seach se nei de soldaet – dat wie dy striepoppe fansels.
Doe stiek se de 'soldaet' mei de dolk yn 'e bealch. Mar doe kom de soldaet gau to foarskyn en sloech har de kop fan 'e romp.
't Wie in keardel, in ynbrekker. Heit fortelde 't faek.
|
3 Opmerkingen:
Jammer dat ze niet uit de kleren is.
Geile billen!
Geil: dikke billen!
Een reactie posten: